Twa oanhâldingen nei ynfal in himpkwekerij yn De Trieme
By in ynfal yn in himpkwekerij yn De Trieme binne twa manlju oanhâlden. Yn de kwekerij waarden hast 600 planten fûn.
De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige. De twa fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.