Aris docht, nei minne start, goede saken yn bekertoernoai

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat de earste moeting yn de kwartfinale fan de beker tsjin Amsterdam wûn. Yn sporthal Kealledykje waard it 86-57 foar de ploech fan Ferried Naciri. As Aris oer twa wiken net mei in grutter ferskil ferliest fan Amsterdam, dan pleatst de ploech him foar de heale finales.
Arunas Mikalauskas fan Aris (argyf) © www.orange-pictures.nl
Amsterdam stiet yn de kompetysje lêste, mar pakten yn it earste kwart wol de foarsprong. Nei tsien minuten gongen de besikers oan de lieding mei 22-17. Betiid yn it twadde kwart stelde Aris oarder op saken. Healwei de twadde perioade stiene de Ljouwerters alwer op foarsprong. By it skoft wie it 36-31. Arunas Mikalauskas wie goed foar de helte fan alle Ljouwerter punten én acht rebounds yn de earste helte.
Nei it skoft wreide Aris de foarsprong út en dêrmei ferskaft de ploech himsels in goede útgongsposysje foar de return. Yn it tredde kwart skoarden de Ljouwerters sechtsjin punten mear as de Amsterdammers en yn it lêste koart waard de foarsprong nochris acht punten grutter.

Statistiken

Arunas Mikalauskas waard topskoarer fan de wedstriid mei 28 punten. Hy skeat ûnder oare fiif trijepunters raak. Dêrnjonken pakte er trettjin rebounds. Samuel Idowu hie 20 punten en njoggen rebounds.

Return ein jannewaris

Op tongersdei 30 jannewaris treffe de twa ploegen inoar wer. De sterkste ploech oer twa wedstriden pleatst him foar de heale finales.