PvdA Smellingerlân seit fertrouwen yn koälysjepartner ELP op: "Mailtsje wie de drip"
De fraksje fan de PvdA Smellingerlân hat tiisdei it fertrouwen yn koälysjepartner ELP opsein. Direkte oanlieding is dat de ELP al ekstern juridysk advys ynwinne woe oer de sitewaasje mei skouboarch De Lawei, wylst it kolleezje noch dwaande is mei in ûndersyk. Neffens de PvdA is der in 'ûnwurkbere situaasje' ûntstien.
PvdA Smellingerlân seit fertrouwen op
Yn de ried gie it foarige wike oer de subsydzje foar skouboarch De Lawei. De ELP woe in moasje yntsjinje om de subsydzje om te setten yn in langrinnende liening. "It kolleezje hie op dat stuit net genôch ynformaasje om in beslút te nimmen en krige de tiid om derop werom te kommen", leit PvdA-fraksjefoarsitter Anton Pieters út.
Ekstern juridysk advys
In dei letter soe in mail binnenkaam wêze fan it CDA, Smallingerlands Belang en de ELP, mei it boadskip dat se fan plan wiene om ekstern juridysk advys yn te winnen. Dat skeat de PvdA yn it ferkearde kielsgat.
Pieters: "As koälysjepartij fyn ik datst dy konstruktyf opstelle moatst. Do kinst net fan tefoaren fine dat it kolleezje har wurk net goed docht, as se it noch net iens dien ha. Dat fyn ik in kwealike saak."
De PvdA soe him earder al ergere hawwe oan it hanneljen fan ELP-foarsitter Yntze de Vries. "Mar dat mailtsje wie de drip", seit Pieters.

PvdA-fraksjefoarsitter Anton Pieters oer de fertrouwensbreuk
ELP-fraksjefoarsitter Yntze de Vries is ferbjustere en teloarsteld. "Wy hiene graach dúdlikheid hân yn it debat, mar dy wie der net. Doe hawwe we mei in pear partijen sein dat we it dan mar juridysk toetse moatte soene", seit De Vries.
"Ik wol yn in debat witte wêr't ik oer praat en dan kinne je twa wiken wachtsje, mar as de fragen net dúdlik genôch binne, dan moatte je it útsykje. De PvdA keppelet dêroan dat wy it kolleezje wantrouwe."
Boargemaster
De Vries lei de twivels nei it debat foar oan boargemaster Jan Rijpstra. Dy soe sein ha dat it foar him ek net dúdlik wie en dat er begriep dat de ELP ekstern advys ynwinne woe. "Foar my wie it doe hielendal net mear in issue", leit de Vries út. "Je hawwe as partij ek ferantwurdlikens en dat hat neat mei fertrouwen of wantrouwen te krijen, dat is gewoan je wurk goed dwaan."
PvdA-wethâlder Cor Trompetter hat tiisdeitemoarn syn ûntslach oanbean oan it kolleezje. De kolleezjepartijen sille tiisdeitejûn prate oer hoe't it no fierder moat.
ELP-fraksjefoarsitter Yntze de Vries oer de situaasje