Bles Dairies nije kennispartner fan suvelbedriuw Royal A-ware

It kennisplatfoarm fan suvelbedriuw Royal A-ware op It Hearrenfean hat in nije partner. It giet om Bles Dairies út Ljouwert, dat advys en trainingen jout en dat spesjalisearre is yn sûnens en fruchtberheid fan fee, en yn ferkeap en eksport fan melkfee.
© Royal A-ware
De Dairy Academy, sa't it kennisplatfoarm fan Royal A-ware hjit, is bedoeld foar melkfeehâlders dy't oan it suvelbedriuw leverje. Se kinne der workshops en trainingen folgje oer hoe't se harren bedriuw duorsum en klear foar de takomst meitsje kinne.
De nije partner Bles Dairies advisearret boeren bygelyks oer mear produksje en effisjinter wurkjen. It bedriuw hat klanten yn mear as 35 lannen.