Fan slaveketting oant amtsketting: nije hinger boargemaster Kramer fol skiednis

Wytse Piersma út Dokkum hat mear as 200 oeren dwaande west mei de nije amtsketting fan Johannes Kramer. Moandei kriget Kramer de ketting om as er ynstallearre wurdt as boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Piersma is grutsk dat er oan de ketting wurke hat. "Mar ik wie net de iennige hear, ús heit hat my noch wat tips jûn."
Nije ambtsketting boargemaster Noardeast Fryslân
Grutsk hellet Piersma de amtsketting tefoarskyn út in grutte klûs. "Sjoch, hjir hawwe we dan mei dwaande west", begjint hy entûsjast syn ferhaal wylst hy de ketting omheech hâldt. De ketting bestiet út njoggen ôfbyldingen dy't allegearre in hichtepunt fan de gemeente foarstelle. "Fan Bonifatius oant 'Wachten op hoog water', alles komt deryn werom", seit Piersma.

Surinaamske slaveketting

De ketting is benammen bysûnder om't dy bestiet út sulverwurk dat ynstjoerd is troch minsken út de gemeente. "Ynwenners dy't noch wat sulver thús lizzen hiene, koene dit opstjoere. We ha mear as twa kilo binnen krigen."
Wytse hâldt in grutte pûde mei sulverguod omheech. "Dit is wat der noch fan oer is, foar de rest ha we alles brûkt. It meast opmerklike wat we binnen krigen ha, wie in Surinaamske slaveketting. Dy hie in ynwenner fan Dokkum meinommen út dat lân. Dat wie echt fassinearjend."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
In nije ketting meitsje foar de boargemaster bart net sa faak, mar dochs is dit al de twadde kear foar de famylje Piersma. Heit Dick makke yn 1984 de ketting foar de nije boargemaster, Haije Sybesma, nei de weryndieling fan de gemeente Dongeradiel.
"It is foar my al in hiele grutte eare om it te dwaan, mar dat komt der ek noch efkes by", seit Piersma emosjoneel wylst hy de ketting nochris goed skjinmakket. "Ik sis net hokker moaier is hear, want dy fan myn heit mocht der fansels ek wêze."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Wytse Piersma en de ketting

Oerdroegen

De ketting wurdt moandei oerdroegen oan de nije boargemaster. Piersma hat der al in tiid nei útsjoen. "Ja, dan komt dochs alles byinoar", seit hy wylst hy de ketting nochris goed besjocht. "Al dat hurde wurkjen, betellet him hooplik út. Dat se him mar moai fine", laket Piersma. "Mar as ik de reaksjes fan oare minsken sa ris heard ha, moat dat wol slagje."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort