Glossy foar 85 jier âlde Grouster wettersportferiening GWS

Wettersportferiening GWS (Grouwster Watersport) hat ta eare fan it 85-jierrich jubileum foar ien kear in glossy útbrocht. De glossy is makke om fêst te lizzen hoe't de feriening der no útsjocht en om werom te sjen op hoe't it eartiids wie.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Tsjintwurdich is de feriening benammen bekend om de skouwen, dêr't se in eigen klasse yn it wedstriidsilen mei hawwe. De feriening hâldt sels de wedstriden en hoecht dêrfoar gjin ferantwurding ôf te lizzen oan it wettersportbûn. De iennige oare klasse dy't op dizze wize bestiet, is de IFKS.

Lisplakken yn Grou

Fierder hat de feriening ek in haven mei 200 lisplakken yn Grou. Dat wie yn 1935 ek de reden om de feriening op te rjochtsjen. Doetiids waarden de skoukes brûkt troch bygelyks de bakker en de postrinners om harren guod rûn te bringen, soks barde allegear op de skoukes . Dizze minsken hiene faak gjin romte oan hûs foar de boat, dus wie der in needsaak foar in feriening. De haven dy't dêrút kaam is dus útgroeid ta in grutte haven, dy't noch hieltyd yn ferieningshannen is.

31 maaie feest

Hjoed-de-dei, 85 jier letter docht de feriening it mei mear as 500 leden noch altyd goed. De glossy waard presintearre op de nijjiersgearkomste, mar it echte feest wurdt op 31 maaie hâlden. Neist de ûnmisbere sylwedstriden, is der ek in puzzeltocht op it wetter en fart der in rûnfeartboat rûn.
Foarsitter fan de GWS-jubileumkommisje, Corrie van Hilten