MSC Zoe in jier letter: noch in soad fragen, mar hast gjin antwurden

In jier lyn waard Noard-Nederlân wekker yn in gaos. Op de kust fan Fryslân en Grinslân en op de strannen fan de Waadeilannen spielde in hiel soad rommel oan; de ynhâld fan, sa't letter bliken die, 342 seekonteners dy't fan kontenerskip MSC Zoe fallen wiene boppe de Waadkust. Frijwillige en sels militêre opromaksjes kamen yn de wiken dêrnei op gong.
De MSC Zoe yn Bremerhaven © ANP
Dit artikel yn 1 minút:
De omfang fan de ramp skokte de Noard-Nederlânske mienskip, dy't it Waadgebiet sa yn it hert sitten hat. Sûnt de rampnacht is der in soad bard: der is opromme, claims binne yntsjinne om de skea te bekostigjen, en de polityk hat oer de gefolgen praat. Mar wat is no, in jier nei de tiid, de stân fan saken?

In jier lyn

It strân fan Skylge leit op 2 jannewaris 2019 fol mei boartersguod en auto-ûnderdielen. Boargemaster Bert Wassink neamt it in 'trieste aanblik' en is bang dat it noch in hiele put wurdt om it strân wer kreas en skjin te krijen. Jutters krije tastimming om mei auto's it strân op te gean, om it guod derwei helje te kinnen. De werklike omfang fan de stream oan troep is op dat stuit noch lang net dúdlik.
It ferhaal giet dat tritich konteners fan it skip fallen binne, en dat dat boppe it Dútske Waadeilân Borkum bard is. Al yn de earste dagen nei de ramp wurdt dúdlik dat it om mear as 200 konteners giet, en de teory is dat de konteners troch de stoarm fan boppe Borkum nei Nederlân dreaun binne.
Yntusken is dúdlik dat it tal fallen konteners mear as tsien kear sa grut is as yn earste ynstânsje tocht waard: 342 om krekt te wêzen. Dêrfan binne 297 al boppe It Amelân fan it skip fallen. De bemanning fan de MSC Zoe makke lykwols pas melding fan it ynsidint doe't it al yn it Dútske wetter fear. Op 12 desimber, goed alve moannen nei de ramp, makke de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) dat yn in tuskentiidsk rapport bekend.

Undersiken

Undúdlikheid dy't mar bestean bliuwt: it liket it tema dat hieltyd weromkomt yn it dossier MSC Zoe. Nei de ramp binne ferskate ûndersiken ynsteld. De resultaten dêrfan, útsein it tuskentiidske rapport fan 12 desimber, binne in jier letter noch altyd net bekend.
It strân fan Skylge leit op 2 jannewaris 2019 fol mei guod © De Vries Media
It skip MSC Zoe fear ûnder de flagge fan Panama en wie ûnderweis nei it Dútske Bremerhaven. Dêrom wurket de OVV gear mei de Panameeske en Dútske autoriteiten yn in ûndersyk nei it ûngelok. De update fan 12 desimber makket dúdlik dat it grutste diel fan de konteners yn it Nederlânske wetter fan it skip foel, én dat der yn totaal 1.047 konteners skansearre rekken. Dat betsjut dus dat de konteners dy't oerboard foelen mooglik net de iennigen binne dy't it Waadgebiet fersmoargje. Der kin ek ynhâld yn it wetter bedarre wêze fan konteners dy't wol oan board bleaun binne.
Omrop Fryslân en RTV Noord krigen troch in fersyk op basis fan de Wet openbaarheid van bestuur (Wob) de finger efter in list mei dêrop de ynhâld fan de 342 fallen konteners. De ynformaasje op de listen is summier en hiel algemien.
© Omrop Fryslân
Ut petearen mei Rykswettersteat docht boppedat bliken dat de tsjinst ek net oer mear ynformaasje beskikt, en dat se op basis dêrfan de opromaksje oanstjoere. Twa fan de 342 konteners hiene de gefaarlike produkten wetterstofperokside en litiumbatterijen. Nei dy konteners wurdt mei ekstra oandacht socht. Frijwilligers op de strannen wurde yn de dagen nei de ramp, as de spontane opromaksjes grutter en grutter wurde, ek warskôge foar de stoffen. De skansearre konteners dy't oan board bleaun binne, steane net op de list fan Rykswettersteat. Mei de eventueel gefaarlike ynhâld wurdt gjin rekken holden by de opromaksje.
De Onderzoeksraad ferwachtet yn de maitiid fan 2020 mei in einrapport te kommen. It ûndersyk rjochtet him benammen op de gefolgen fan it oerboard slaan fan de konteners, op de rûte dy't it skip ôflei, en de situaasje yn it gebiet. Ut it ûndersyk moatte oanbefellings komme oer de feilichheid. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat is noch net yngien op fragen fan keamerleden oer eventuele feroaringen yn de regels foar skippen dy't foar de Nederlânske kust farre. Se wol earst it ûndersyk van de OVV ôfwachtsje.

Strafrjochtlik ûndersyk

It OM stelt in strafrjochtlik ûndersyk yn nei de tadracht fan it ûngelok. Dêryn stjoert it OM de Maritieme Politie en de Inspectie Leefomgeving en Transport oan. Ut it ûndersyk moat bliken dwaan wa't ferantwurdlik is foar it fallen fan de konteners en oft de wet oertrêde is op de rûte dy't de Zoe ôflei yn de rampnacht. It is noch net bekend wannear't dat ûndersyk klear is.
De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) werhellet yn de maitiid fan 2019 in ûndersyk dat de tsjinst yn 2009 ek al útfierde. Nei de ramp mei de MSC Zoe binne fermoedens ûntstien dat konteners op skippen better fêstset wurde kinne. Oer de kwaliteit fan it saneamde sjorren makket âld-boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân him al jierren soargen. Ek út it ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord docht bliken dat dêr twivels oer besteane.
De ILT kontrolearre yn de earste helte fan ôfrûne jier 69 skippen allinnich op it sjorren fan de konteners. It rapport dat dúdlik meitsje moat oft en hoe't dêr ferbettering yn te beheljen is, lit noch op him wachtsje. De publikaasje dêrfan skoot de ynspeksje al sûnt de simmer foar him út. It bliuwt dus ûndúdlik oft yn de Nederlânske havens goed of min sjord wurdt. De Noardlike omroppen besykje ek al in skoft om de hân te lizzen op dy ynformaasje.

Micro-plestik

Al gau nei de ramp begjinne minsken har soargen te meitsjen oer de gefolgen foar it natuergebiet. De grutte bulten konsumpsjeguod op de strannen roppe de fraach op oft it seelibben skansearre wurdt. Yntusken binne 299 fan de 342 konteners burgen. Guon yn it gehiel, mar fan oaren allinnich stikken. De rommel dy't opfiske is, waacht yn totaal 2,4 miljoen kilo. Yn see leit de rest fan de konteners dus noch. Mar wat benammen soarchlik is, binne de miljoenen plestik kerrels dy't noch hieltyd oanspiele. Mei omboude blêdblazers en in saneamde meanklepelsûger wurde ûnder oare de dunen fan Skiermûntseach en de diken by Lauwerseach skjinmakke.
De ûnrêst nimt ta as ein jannewaris in hiel soad deade skoeten oanspiele. Hast 20.000 fûgels fine de dea en dat wurdt al gau yn ferbân brocht mei de ramp mei de MSC Zoe. It falt op dat allinnich yn Nederlân, yn de buert fan It Amelân, skoeten deageane. Nei wiidweidich ûndersyk makket minister Van Nieuwenhuizen ein maart bekend dat de skoeten deagien binne troch ferhongering. In direkt ferbân mei de MSC Zoe kin net oantoand wurde.
Hoe grut oft it probleem fan de plestik kerrels is, wurdt yn novimber dúdlik. Studint Jan Willem Graal fan hegeskoalle Van Hall Larenstein bringt mei in stekproef yn kaart hoefolle kerrels oft der op Skiermûntseach lizze. Op ferskate plakken op it eilân telt er hoefolle kerrels der op stikken fan 40 by 40 sintimeter lizze. By peal 8 telt Graal leafst 363 kerrels op dat lytse oerflak.
Op de read kleurde plakken lizze de measte plestik kerrels © Natuurmonumenten en Van Hall-Larenstein
Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach, is opnij oandien troch de resultaten fan it ûndersyk fan Jan Willem Graal. Se seit wol dat it har striidber makket om de smoargens sa gau as mooglik op te romjen. Van Gent fêstiget har hoop ek op de Onderzoeksraad voor Veiligheid dy't op it eilân west hat. Se hopet dat de ried de kerrels besprekt yn it einrapport en oanbefellet dat 'de fersmoarger betellet'.
Oer wa't dy fersmoarger is, bestiet lykwols noch hieltyd diskusje. Rederij MSC wol net betelje foar it opromjen fan de kerrels, omdat neffens it bedriuw net bewiisd wurde kin dat de kerrels fan de Zoe komme.
De Waddenacademie en Rykswettersteat fiere tegearre in ûndersyk út nei de ekologyske gefolgen. Yn oktober 2020 kin it resultaat dêrfan ferwachte wurde. Healwei jannewaris fan dit jier ferwachtet de minister in tuskentiidske rapportaazje.

Claims

In lytse 2 miljoen euro oan claims dy't yntsjinne binne by MSC steat noch hieltyd iepen. Rykswettersteat ropt begjin maart in skealoket yn it libben dêr't claimende partijen terjochte kinne. Waadgemeenten, fiskers mei skansearre netten en natuerorganisaasjes tsjinje claims yn. Ek Rykswettersteat sels hat in soad kosten makke, bygelyks foar it oanstjoeren fan de opromaksje. De measte kosten dy't makke binne foar it opromjen fan de rommel, binne foarsketten troch de minister. Yn totaal is der foar 3,35 miljoen euro oan claims yntsjinne.
MSC wol net opdraaie foar eventuele ferfolchskea, docht bliken op in gearkomste fan Rykswettersteat yn oktober. De reder hat oanbean de skea rapper út te beteljen, mei as betingst dat der gjin nije claims mear yntsjinne wurde. Minister Van Nieuwenhuizen giet dêr net mei akkoart. Yn in brief oan de Twadde Keamer fan ein novimber lit se witte dat MSC betelje moat, ek foar de ferfolchskea. Docht it bedriuw dat net, dan ûndernimt de minister juridyske stappen.
Ek de kosten dy't makke wurde foar it bestriden fan de ekologyske gefolgen fan de ramp wurde troch de minister op de rederij ferhelle.

Hoe no fierder?

Al mei al: in jier letter witte we eins noch neat. Natuerorganisaasjes, keamerleden en bewenners fan it gebiet ha har it ôfrûne jier sterk makke foar bettere regeljouwing en it ferkrijen fan antwurden op de fraach oft de grutte kontenerfeart net te folle romte krijt. Dy antwurden binne der noch net.
En mochten dy antwurden dit jier wol komme, dan noch is it mar de fraach oft dy derfoar soargje dat de regels feroarje. De Nederlânske oerheid hat allinnich kontrôle oer wat der yn Nederlânske havens bart en ynternasjonale ôfspraken stranger meitsje is in proses mei in protte belutsenen dat in soad tiid kostet.
Allinnich yn Nederlânske havens kin ús oerheid oan de knoppen draaie en wat feroarje oan de feilichheid. En dat hie in ramp as mei de Zoe nea foarkomme kinnen; it skip hat op de rûte nei it ûngelok gjin Nederlânske haven oandien, it fear allinnich by ús kust del.
Weromsjen op de kontenerramp mei Ellen Kuipers fan de Waadferiening
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat by de Ofslútdyk mei Ellen Kuipers fan de Waadferiening