Harkemase Boys en trainer Hans de Jong fuortendaliks út inoar
Fuotbalklup Harkemase Boys nimt fuortendaliks ôfskied fan trainer Hans de Jong fan De Tynje. De Jong (57) wie dwaande oan syn earste seizoen by de Harkiten, dy't yn de tredde difyzje spylje.

It beslút om ôfskied fan inoar te nimmen, is kaam nei goed ûnderling oerlis, seit de klup. Der hat ûnder oare oerlis west tusken it bestjoer, de technyske kommisje fan de klup en de spilersgroep.
Opfolger
In direkte opfolger fan De Jong is der noch net. Harkemase Boys hopet dy op koarte termyn bekend te meitsjen. Foar takom seizoen is der al wol in trainer oanlutsen: dan stiet de Harnzer Jan-Piet Bosma foar de groep.
Harkemase Boys stiet nei fyftjin wedstriden op it fjirde plak yn de tredde difyzje, mei trettjin punten efterstân op koprinner Sparta Nijkerk.