Autobrân yn Stiens troch swier fjoerwurk
Yn de nacht fan snein op moandei is in auto oan de Ekers yn Stiens yn brân flein troch swier fjoerwurk. De brân ûntstie krekt nei tolven yn de motor fan de auto.

De brânwacht koe de autobrân rap útkrije. De auto is meinaam troch in bergingsbedriuw. Oan de sydkant fan de auto is dúdlik te sjen wêr't it fjoerwurk sitten hat.