FNV-leden akkoart mei nij CAO sikehûzen

Der is in nij CAO foar it persoaniel yn sikehûzen. Heal desimber wie der al in ûnderhannelingsakkoart. Leden fan it fakbûn FNV binne dêr no mei akkoart gien.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der falle 200.000 meiwurkers ûnder de nije CAO. Dy krije in strukturele leansferheging fan 8 prosint, mei in rintiid fan 27 moannen. Boppedat krije de meiwurkers ien kear in bruto-útkearing fan 1200 euro.
Foarôfgeand oan it akkoart fierden de sikehûsmeiwurkers moannenlang aksje foar hegere leanen en minder wurkdruk.