Kommissaris Brok: "De feesteapel troch de helte, út hokker aai komme jo?"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie op twadde krystdei in oere te gast yn it radioprogramma Buro de Vries. Der waard muzyk draaid dêr't hy wat mei hat en de tiid naam foar in goed petear. Sa fertelde Brok dat hy wol allinnichsteand is, mar net iensum. "As je allinnich binne mei de krystdagen, dan hoecht dat net sneu te wêzen, hear!"
© Omrop Fryslân, René Koster
Fierder gie it oer de Roomske tradysje, dêr't Brok yn opgroeide en him noch altyd thúsfielt. En oer de funksje, of sa't hy dat sels neamt: it amt as kommissaris. "Dat komt net yn de knipe, mar je hâlde der wol altyd rekken mei. Ik sil net lid wurde fan in sportskoalle, bygelyks. En boadskippen doch ik it leafst om acht oere moarns."

Boereprotesten

Fansels kamen ek Fryske saken oan bar, lykas de steateferkiezingen, de noardlike gearwurking, it Frysk en de boere-aksjes. Oer dat lêste spruts Brok mei in sterke belutsenheid en hy fûn it spitich dat er op de dei fan de earste trekkeraksjes net sels op it provinsjehûs wie.
"Ik ha yn dy tiid, mar ek earder al, in soad mei boeren praat. It is in wichtige sektor dêr't ús provinsje in soad oan te tankjen hat. De boeresektor is hjir sa sterk ferbûn mei de mienskip. Noch altyd. As je dan hearre dat minsken sizze dat de feesteapel wol troch de helte kin, dan sis ik: út hokker aai komsto? Der moat wol wat feroarje, want konsepten út it ferline binne net dy fan de takomst. Dat witte de boeren sels ek wol. Mar de ynnovative krêft yn de sektor is sa grut. Dêr komme we al in hiel ein mei!"
Sjoch foar it folslein petear mei kommissaris fan de Kening Arno Brok op dizze side.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn Buro de Vries