Harksit oer gaswinning wurdt ferpleatst fan Den Haag nei Drachten

It Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat ferpleatst in harksit oer gaswinning om Drachten hinne nei Fryslân ta. Op 15 jannewaris wurdt de harksit op twa ferskate tiidstippen hâlden yn Drachten, sadat tsientallen beswiermakkers derby wêze kinne.
© Vermilion
Omwenners ha harren sjenswizen al earder yntsjinne oer it gasfjild Nyegea/Ljouwert. De wurkgroep Geen Nieuw Gas Smallingerland is bliid dat it ministearje temjitte komt oan it fersyk de harksit yn Drachten te hâlden.

Wjerstân is grut

De wjerstân tsjin gaswinning yn de gemeente Smellingerlân is grut. Oebele Veenstra fan de wurkgroep en ek fan doarpsbelang De Wylgen hat ferline jier ek al in petysje oanbean oan minister Wiebes. Hy en oare bewenners fine de gaswinning net te ferkeapjen yn de gemeente.
Njonken de harksit oer it fjild Nyegea/Ljouwert, kinne omwenners oant takom wike freed noch sjenswizen yntsjinje oer de winput De Pein-Súd. Ek dêrby wurde tsientallen brieven fan beswiermakkers ferwachte.

Wiis mei ferpleatsing

Neffens Oebele Veenstra fan doarpsbelang De Wylgen en wurkgroep Geen Nieuw Gas Smallingerland is der moed foar nedich om in sjenswize yn te tsjinjen, mar neffens him libbet it ûnderwerp yn de omkriten fan syn doarp. Hy is wol wiis dat de harksit ferpleatst is. "Fia it doarpsbelang kamen wy der efter dat der goed 60 minsken útnûge binne. Mar oarsom binne der út Den Haag wei minder nedich. Dus wy hawwe fersocht oft sy ek hjir komme koene, yn stee fan dat 60 minsken dy kant op moatte."
Oebele Veenstra fan doarpsbelang De Wylgen en wurkgroep Geen Nieuw Gas Smallingerland