Earste Frysktalige supermerken, ek lanlik belangstelling foar projekt

Eastermar en Damwâld hawwe de earste Frysktalige supermerken. Frysk prate yn in supermerk kin op in soad plakken wol, mar yn dizze supermerken is it Frysk no ek sichtber op bygelyks buorden. It inisjatyf komt by taalynstelling Afûk wei, en it docht bliken dat der no ek lanlik belangstelling is foar dit projekt. Yn febrewaris komt in delegaasje fan it ministearje fan Ynlânske Saken del.
Earste Frysktalige supermerken, ek lanlik belangstelling foar projekt
De Afûk hat in oprop dien oan supermerken en wa't dielnimme woe, koe ek rekkenje op subsydzje. "Der binne mear supermerken dy't reagearre hawwe, mar it is sa dat as je yn in lanlike keten sitte, it wol wat freget om alles oer te setten, it yn de juste foarmjouwing te krijen en alles klear te krijen," leit Fokke Jagersma fan Afûk út.
"Der komme fan meardere kanten reaksjes, dus it kin samar in ferfolch krije. Ek fan it ministearje: hoe dogge dy Friezen it eins? Om Fryslân hinne binne ek fariaasjes, lykas it Nedersaksysk of it Limburchsk," seit Jagersma grutsk.

Lokale bining

Yn Eastermar en Damwâld is it Frysk fan no ôf sichtber. "It giet yn earste ynstânsje om buorden. It personiel praat faak wol Frysk, der binne in soad streekprodukten, mar de sichtberens fan de taal is in oar ferhaal. Yn dizze twa plakken binne de buorden no yn it Frysk of dûbeldtalich. As jo nei Edeka sjogge, yn supermerk yn Dútslan, dy hawwe dat al op ferskate plakken dien. Dat soarge derfoar dat der mear bining wie mei minsken út eigen doarp, it soarge foar mear oanrin fan minsken út de regio en sels oanrin fan toeristen. It levere positive reaksjes op, mar ek in hegere omset. Dus it mes soe oan twa kanten snije moatte," seit Jagersma.
Sa is it yn Eastermar te sjen: 'Húskepapier, foar as de krante op is' © Omrop Fryslân

'Couleur locale'

Neffens Jagersma is it ek oantreklik foar toeristen. It smyt in ferhaal op. "As jo sels yn it bûtenlân binne, wolle jo ek priuwe dat it oars is. Yn 2018 wiene der ek in soad toeristen dy't oanjûn hawwe dat de Fryske taal net sichtber foar harren is. Hoe sjocht dat derút? Hoe heart dat no? Dy 'couleur locale.' En as je dat fersterkje mei streekprodukten, krije jo in goed ferhaal."

'Húskepapier: foar as de krante op is'

Binnen it projekt kin eltse supermerk in eigen ynfolling jaan. "Wy binne net sa eigensinnich dat alles yn ús foarmjouwing moat, mar wy slute ús oan by de werklikheid fan de winkels sels. Sy witte ek it bêst wat der yn harren eigen plak past. De supermerk yn Eastermar hat it echt in mienskipsfunksje, mar der komme ek in soad toeristen. Dus alles yn it Frysk, mar wol mei moaie ûnderskriften derûnder mei útlis. Lykas pakken drinken mei: 'Foar de toarst.' En húskepapier mei: 'Foar as de krante op is.' Sa kinne je gekke sinnen fine yn de winkel."
Fokke Jagersma fan de Afûk
Sjouke Wijnsma is eigener fan de supermerk 'Alles ûnder ien Dak' yn Eastermar. Hy is wiis mei de Fryske teksten yn syn winkel. Bygelyks: fleis yn blik, smaaklik en maklik. En: de friezer, it bliuwt langer goed. "Dy oprop fan de Afûk wie der en wy sitte yn Tytsjerksteradiel, in Frysktalige gemeente. Ik tocht: dit is in gouden kâns. Earder brûkten wy it Frysk allinne as it ús útkaam."

Eastermar: "Wy ûnderskiede ús"

It is in ynvestearring, mar der sit ek wat subsydzje op it projekt. "Dat helpt wol mei, oars tinke je: foar wa doch ik it eins? Mei it triuwke fan de Afûk, de provinsje en de gemeente wurdt it in hiel moai plaatsje. Wy binne no ien fan de earste Fryske supermerken, wy ûnderskiede ús. Wy binne mar in lytse doarpswinkel, dus alles wat ús oars makket as de grutte ketens is moai meinommen. Ik bin eigen baas, sit mei myn frou oan de keukentafel en kin dêr beslisse: wy dogge it."
Sjouke Wijnsma fan supermerk 'Alles ûnder ien Dak' yn Eastermar
"Hiel Damwâld is eins wol Frysk, en oant no ta hiene wy allinne mar Nederlânske 'signing.' No ek yn it Frysk," seit Durk Boer fan de Albert Heijn yn Damwâld. "In klant dy't hjir faker komt, dy moat it eins net iens opfalle. Sa moai moat it wêze. Je binne der efkes mei oan de gong, mar no hawwe je der ek in soad wille fan." Yn Damwâld hat de Albert Heijn keazen foar twataligens. "Wy hâlde de hûsstyl oan mei de Nederlânske teksten, mar dêr sette wy it Frysk ûnder."

Flaubiten

Boer: "Damwâld moat der ek wol wat om glimkje kinne. Der binne de gekste wurdsjes. Ik wist earst net wat 'flaubiten' wiene, dat binne dus 'tussendoortjes.' Sa leare je echt noch wat, ek as klant."
Durk Boer fan de Albert Heijn yn Damwâld