Krystfroulju bringe elkenien in ljochtsje dy't it brûke kin

Kofje, tee, wat lekkers, in plant en in kaart mei in gedicht: it binne samar wat yngrediïnten út it krystpakket fan de Stichting Kerstvrouwen út Balk. Dizze wike diele Miranda, Swaan en Sippie sa'n 90 krystpakketten út oan minsken dy't it goed brûke kinne.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
It idee foar it útdielen fan krystpakketten ûntstie sân jier lyn, doe't Miranda gourmetskotels sammele by in supermerk. "Dat deed ik niet voor mezelf, maar voor mensen die het niet zo breed hebben of wel een hart onder de riem kunnen gebruiken. We hebben een aantal criteria gesteld, maar het gaat om lief en leed in hele grote zin des woords. "

Leave reaksjes

Sûnt twa jier hawwe de froulju in offisjele stifting oprjochte. En dêr binne se mar wat grutsk op. Miranda: "We krijgen super lieve berichten. Er zijn zelfs mensen die zich spontaan als vrijwilliger aanmelden, nadat ze zelf een kerstpakket van ons hebben gekregen."
Miranda Ras oer it ûntstean fan de Kerstvrouwen
Moandeitemoarn waard in man ferrast mei it krystpakket fan de krystfroulju. "Hij verdient wel een lichtje", laket Miranda. "Goeie genade, wat is dit?", wie de entûsjaste reaksje. "Dit vind ik echt mooi! Tsjongejonge. Maar ik had niet gedacht dat ik hier ook voor in aanmerking zou komen. Ik ben nog een jongkerel."
Lennie bringt in krystpakket bydel
De Stichting Kerstvrouwen wurdt stipe troch ferskate partijen. Minsken kinne oaren oanmelde foar in krystpakket fan de krystfroulju. Sa'n tolve frijwilligers bringe de pakketten bydel yn de regio.
Ek stypje? Sjoch op de webside fan de krystfroulju út Balk.