Koade giel: offisjele stoarm op de Waadeilannen

De earste offisjele stoarm fan dizze winter is in feit. Sneintemoarn waard der op Flylân tusken 8.00 en 9.00 oere in gemiddelde wynkrêft 9 metten.
© Omrop Fryslân
Meteorologen prate fan in stoarm as de wynsnelheden oer in folslein oere boppe de 9 Beaufort útkomme. By de stoarm op de Waadeilannen komme wynstjitten oant 100 kilometer de oere foar. De lêste stoarm yn Nederlân wie op 10 augustus.
De hurde wyn spilet snein ek de eveneminten yn de regio parten. Sa hat de organisaasje fan de krystmerk op de Skrâns yn Ljouwert it evenemint ôfsein fanwege it waar.