FIDEO: satellytbylden helpe boeren mûzeskea foar te kommen
In proef mei satellytbylden en in spesjale app moat derfoar soargje dat boeren yn Súdwest-Fryslân effektiver skea troch mûzen foarkomme kinne. Ien en oar set dizze moanne al útein.
Satellietbylden helpe boeren mûzeskea foar te kommen
It lân ûnder wetter sette kin helpe tsjin mûzeskea oan gewaaksen. Om de kosten sa leech mooglik te hâlden moat it splis setten fan it lân op it goede plak en it goede momint barre. Boeren kinne dêrby in app brûke dêr't it lân op fan boppen te sjen is. Op bewurke satellytbylden is de skea op it lân goed te sjen.
Ynformaasje diele
De bylden wurde om de twa wiken ferfarske. Se binne ek op in spesjale webside te sjen. Boeren leare om mei de app ûnderfiningen en waarnimmingen te dielen. Sy sjogge dan troch al dy ynformaasje de mûzepleach better oankommen en kinne hiel sekuer de mûzen bestride.
Frankryk
Ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga hat de mûzebestridings-app makke yn opdracht fan boere-organisaasje LTO, it wetterskip en de provinsje. De metoade is earder al yn Frankryk brûkt, mar is no troch Altenburg & Wymenga oanpast en oanfolle.
De grutte taname fan it tal mûzen yn Fryslân stiet ek net op himsels. Yn grutte dielen fan Europa bart no itselde op suver itselde momint. Allinnich yn Frankryk falt it wol wat ta. Dat lit neffens direkteur Eddy Wymenga fan it ekologysk advysburo sjen dat it gjin op himsels steand ding is. It oerkomt elkenien ien kear yn de trije of fjouwer jier.

Eddy Wymenga: "It is goed om te sjen dat dat ek yn oare lannen sa is. En dêrnei komt de fraach hoe dêrmei om te gean. Yn dy oare lannen binne se eins jaloersk op de Fryske situaasje, want yn de provinsje is in soad wetter. En wetter kinne je omheech sette en dan kinne je der sels wat oan dwaan. Dat is yn dy oare lannen folle lestiger."
Sovon Vogelonderzoek meldt fierder dat de fjildûle dy't yn Fryslân in soad profitearre hat fan de mûze-eksploazje it ek yn it bûtenlân no folle better docht trochdat ek dêr der folle mear mûzen binne as gewoanwei.
