Akkoart oer cao yn ûnderwiis, mar stakingen geane troch

De bûnen en wurkjouwers yn it basisûnderwiis ha in oerienkomst berikt oer in nij cao-akkoart. Dat seit de Algemene Onderwijsbond (AOb). De staking dy't earder oankundige waard foar 30 en 31 jannewaris giet wol troch, seit it bûn.
© ANP
De reden dat de staking fan twa dagen trochgiet is dat der "nog steeds structurele investeringen nodig zijn om de loonkloof met het voortgezet onderwijs te dichten", seit de AOb.

4,5 persint mear lean

Neffens it bûn krijt al it ûnderwiispersoniel mei yngong fan jannewaris in leansferheging fan 4,5 persint en in boanus. Dy boanus is 875 euro by in foltiidbaan. Ek krijt it personiel yn febrewaris in neibetelling, dy't delkomt op in tredde fan it moannelean yn jannewaris 2020.
De AOb sil it akkoart oer de nije cao foarlizze oan de leden. Earder kamen alle partijen net ta in akkoart, omdat de ûnderwiisbûnen it leanbod fan de wurkjouwers te leech fûnen.

CNV bliid

CNV Onderwijs is bliid mei it akkoart. "Met het afsluiten van deze cao is een belangrijke stap gezet en dat werd tijd. Het is belangrijk dat iedereen die werkt in het primair onderwijs dit zo snel mogelijk merkt op de salarisstrook".
By de foarige stakingen yn it ûnderwiis, begjin novimber, wie it WTC yn Ljouwert ien fan de sintrale plakken dêr't minsken út it ûnderwiis by-elkoar kamen.