"Súdlike farrûte moat by min waar ôfsluten wurde foar kontenerskippen"

De súdlike farrûte boppe de Waadeilannen moat by min waar ôfsluten wurde foar grutte kontenerskippen, lykas de MSC Zoe. Dy needmaatregel stiet yn in moasje fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie.
kontenerskip MSC Zoe © Wikimedia Commons
It kabinet moat neffens de ChristenUnie dêrneist ûndersykje oft de súdlike farrûte definityf ticht kin foar grutte kontenerskippen. De moasje krige stipe fan D66, GrienLinks, SP, PvdA en Partij voor de Dieren.
Minister Van Nieuwenhuizen hat oanjûn dat sy earst de útkomsten fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid nei de kontenerramp mei de MSC Zoe ôfwachtsje wol, foar't sy maatregels nimt.