Fryske Panda's: De otter yn De Deelen by Aldeboarn

Yn ús natuerrige Fryske Panda's behannelje wy alle kearen in soart yn de Fryske natuer dy't driget te ferdwinen. En wat dat oanbelanget is de otter, dêr't it ditkear oer giet, wol in bysûnder gefal. Want yn 1988 wie de otter útstoarn yn Fryslân: de lêste waard deariden.
De otter is in Fryske Panda
Mar dat wie net de haadoarsaak, want it hie alles te krijen mei de minne kwaliteit fan ús bûtenwetter. Dy is no stikken better en dêrtroch docht de otter it ek better. Der wurde noch wol in hiel soad deariden: mear as fyftich dit jier, en dat is dochs wol in hiel grut part fan de populaasje yn Fryslân.
Boskwachter Jakob Hanenburg nimt ús mei yn it spoar fan de otters yn natuergebiet De Deelen by Aldeboarn. It mei dan wol in soart wêze dy't benammen yn it tsjuster aktyf is, oerdeis is dêr best wol in soad fan werom te finen.