GrienLinks wol dúdlikheid oer taslach Keamerlid Isabelle Diks

GrienLinks wol opheldering oer in taslach fan politika Isabelle Diks. It Twadde Keamerlid krige in fergoeding, omdat se yn Ljouwert wenje soe. Neffens it opinyblêd HP/De Tijd wie se lykwols meastentiids yn Den Haag te finen. De partij wol no dúdlikheid oer de regels en de tapassing dêrfan troch Diks.
© ANP
Diks wie fan 2008 oant 2017 foar GrienLinks wethâlder yn Ljouwert, dêrnei makke se de oerstap nei de Twadde Keamer. Koartlyn kaam se al yn opspraak, omdat se wachtjild krige boppe-op har salaris as keamerlid. Troch de oerstap gie se yn lean achterút. GrienLinks wie net op 'e hichte fan de taslach en fûn dy net passend. Nei oerlis mei partijlieder Jesse Klaver betelle Diks it wachtjild werom. It gie om 7000 euro.

Jild foar oernachtingen yn Den Haag

HP/De Tijd makke tiisdei bekend dat Diks ek in saneamde ferbliuwskostefergoeding fan goed 46.000 euro netto krige foar oernachtingen yn Den Haag, omdat se by de Keamer opjûn hie dat se yn Ljouwert wenne. It opinyblêd konstatearre lykwols dat se mear yn Den Haag as yn Ljouwert ferbleau en har hûs yn de ferkeap hie.
Sûnt snein fermeldt de webside fan de Twadde Keamer dat Diks yn de hofstêd wennet en net langer yn de Fryske haadstêd. Har hûs yn Ljouwert is yntusken ferkocht.
Om no dúdlikheid te krijen, skeakelet GrienLinks âld-griffier Jacqueline Biesheuvel-Vermeijden yn, dy't op 1 jannewaris as nije yntegriteitsadviseur fan de Twadde Keamer oan de slach sil.
Sjoernalist Ton F. van Dijk fan HP/De tijd