Haaye Hoekstra stapt út FNP-fraksje Waadhoeke
Haaye Hoekstra stapt út de fraksje fan de FNP yn de gemeente Waadhoeke. Hy seit dat der gjin fertrouwen is binnen de fraksje en in grut ferskil fan ynsicht. "De klik is der net", seit Hoekstra sels. Hy giet earst fierder as selsstannich riedslid.

Der ha de ôfrûne wiken binnen de fraksje saken west dy't net goed wiene foar Hoekstra syn sûnens, seit er sels. "It is frijwilligerswurk, der sit in soad tiid yn. As it net befalt, dan moat it oars. Want as je dat net dogge, dan komme der yrritaasjes. We ha elkoar de hân jûn."
Ferskate eftergrûnen
Mooglik hat it te krijen mei dat de riedsleden ferskate eftergrûnen ha. De gemeente Waadhoeke ûntstie yn 2018 nei in fúzje fan Frentsjerteradiel, It Bilt, in part fan Littenseradiel en Menameradiel. Hoekstra komt fan dy lêste gemeente. "Yn Menameradiel siet ik fjouwer jier lang yn de opposysje, no sit de FNP yn de koälysje. Dat is dochs oars."
Troch selsstannich fierder te gean, hopet er mear enerzjy en motivaasje te krijen. Mooglik slút Hoekstra him oan by in oare fraksje. Dêr sil er de kommende wiken oer neitinke. Hy slút net út dat er hielendal ophâldt as riedslid, mar dêr giet er net fan út.
Gjin ferrassing foar fraksjefoarsitter
Fraksjefoarsitter Bert Vollema fynt it spitich dat Hoekstra derút stapt, mar hie it wol oankommen sjoen. "Soks oerfalt je altyd, mar it kaam net as in tongerslach by kleare himel", seit Vollema.
Neffens Vollema binne der gjin 'botsende karakters', mar hy is it dermei iens dat de situaasje yn de fraksje net ideaal wie. "We stiene der politykynhâldlik gewoan hiel oars yn. Elk hat syn bêst dien om de situaasje te ferbetterjen, Hoekstra sels ek, mar as je der sa ferskillend yn steane, dan kinne je der net omhinne. We fine it ferrekte spitich."
Hoekstra nimt syn sit dus wol mei. "Dus wy moatte it mei ien riedslid minder dwaan. We sille de kommende tiid wol sjen hoe't it ferrint. As fraksje en bestjoer binne we it yn alle gefallen hielendal mei elkoar iens, we steane efterinoar."