Problemen troch it leararetekoart? Lit it ús witte

Dat it leararetekoart problemen opsmyt, is yntusken wol bekend. Omrop Fryslân wol graach witte wat de omfang is fan dy problemen. Dêrom hat de Omrop mei oare regionale omroppen in meldpunt oprjochte, sadat belutsenen melde kinne wannear't it leararetekoart harren rekket. It giet om it tekoart op basisskoallen.
It leararetekoart yn byld © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Wy wolle elkenien dy't de gefolgen fan it leararetekoart yn it basisûnderwiis ûnderfynt, freegje melding te dwaan op dit meldpunt. Folje dêrop yn om hokker skoalle it giet, oft de klasse nei hûs ta stjoerd is of dat der in ferfangende learkrêft foar de klasse stiet (al dan net mei foech) of dat de learlingen ferdield wurde oer oare klassen.
Op dizze wize hopet Omrop Fryslân it probleem better yn kaart bringe te kinnen. "We hopen te kunnen zien in welke regio's in Nederland de meeste pijn zit", leit Eva Meesterberends, datasjoernalist by de Omrop út. "Amsterdam is natuurlijk een extreem voorbeeld, met die 16 scholen die deze week de deuren sluiten om een statement te maken. Maar de vraag van de regionale omroepen is waar het nog meer voorkomt en wat het verhaal daarachter dan is."
Datasjoernalist Eva Meesterberends
Jo kinne it meldpunt fan Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen berikke fia dizze link. Of gean nei www.omropfryslan.nl/meldpunt.