Fersetsstriders dy't meidiene oan De Oerfal ha dêr bot lest fan hân

Guon fan de 26 manlju dy't meidiene oan de oerfal op finzenis de Blokhúspoarte op 8 desimber 1944 hiene nei de oarloch lêst fan in soarte fan posttraumatyske stresssyndromen. Dat is de konklúzje fan skriuwer Hessel de Walle. Hy hat it boek De mannen van de Overval skreaun oer de 26 fersetsminsken dy't by de oerfal 51 fersetsstriders befrijen.
© Simone Scheffer
De measten wiene op ferskate wizen aktyf yn it ferset en makken dêrmei ek traumatyske saken mei, lykas likwidaasjes. Ien fan harren wie Ernst Hendrikus Rob. Dochter Truus Berends fertelt dat it libben fan har heit en mem nei de oarloch net maklik wie.
De mem fan Truus stie der foar in grut part allinnich foar en moast fanwegen it hâlden fan ûnderdûkers úteinlik sels op de flecht nei Fryslân om ûnder te dûken. Ernst waard oppakt yn de oarloch, mar koe út it kamp ûntsnappe. Hy gie dêrnei fierder yn it ferset yn Fryslân.
Truus Berends - dochter fan Ernst Rob, ien fan de oerfallers op 8 desimber 1944
Plysjeman Ernst Rob wie ek by in likwidaasje belutsen. Foar Truus wie dat nije ynformaasje út it boek De mannen van de Overval fan skriuwer Hessel De Walle. It wie in geheim fan har heit dat hy mei mar in pear minsken dield hie.
Nei de oarloch kaam it houlik fan har âlders behoarlik ûnder druk te stean trochdat heit en mem de oarloch beiden op in oare wize trochbrocht hiene, mar beiden wol mei trauma's.
Hessel de Walle oer de ptss fan de oerfallers
It ferhaal fan Ernst Rob en dochter Truus is ien fan de foarbylden út it boek fan De Walle. Neffens him oerkaam it in grut part fan de oerfallers. Tsjintwurdich wurde minsken mei in trauma holpen. Yn dy tiid wie dat noch net sa. De minsken moasten der sels mar útkomme, fertelt De Walle yn it programma Buro de Vries.
Harkje hjir nei de folsleine útstjoering fan Buro de Vries:
Buro de Vries mei Hessel de Walle en Truus Berends