Bistewolwêzenorganisaasje: boargemaster moat optrede tsjin Kallemooi

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach mei gjin fergunning ferliene foar dieremishanneling, sei it Comité Dierennoodhulp moandei foar de Ried fan Steat. It komitee wol in ferbod op it misbrûken fan de hoanne by it jierlikse Kallemooifeest. Neffens it komitee is it yn striid mei de iepenbiere oarder dat in hoanne trije dagen lang yn in koer op achttjin meter hichte sit.
© Omrop Fryslân
Ferline jier besochten diere-aktivisten it omheech bringen fan de koer tsjin te hâlden troch harsels fêst te binen oan de mêst. Dy aksje mislearre. De hoanne waard yn de nachten yn de gaten holden.
Stel je voor dat je dit doet met een hond. Dan zou de hel losbreken.
Sandra van de Werd, Comité Dierennoodhulp
By de Ried fan Steat seit Comité Dierennoodhulp dat de boargemaster der wat tsjin dwaan moat. "Stel je voor dat je dit doet met een hond", sei Sandra van de Werd. "Dan zou de hel losbreken." Dierennoodhulp hat oanjefte dien by de plysje. Neffens Van de Werd is dêr neat mei dien. Ek in hanthaveningsfersyk by de NVWA tsjin de oertrêding fan de Wet dieren waard ôfwiisd.

Rjochtbank: gjin dieremishanneling

In jier lyn sei de rjochtbank Noard-Nederlân dat der gjin sprake is fan dieremishanneling. De hoanne sit beskut en krijt iten en drinken. "Na drie dagen komt-ie eruit alsof er niets is gebeurd", seit in wurdfierder fan de gemeente Skiermûntseach.
De Ried fan Steat docht op syn betiidst oer seis wiken útspraak yn de saak. De earstkommende edysje fan Kallemooi set op 31 maaie útein.