Hoe kin it Noarden gefolgen fan minder gaswinning yn Grinslân opfange?

Yn Ljouwert wurdt op in ynternasjonale konferinsje de kommende dagen neitocht oer hoe't de gefolgen fan it minder winnen fan ierdgas opfongen wurde kinne. It tichtdraaien fan de gaskraan yn Grinslân soe dêrtroch sa min mooglik ekonomyske gefolgen ha moatte.
© ANP
Op de konferinsje moat in konkreet plan makke wurde om de gefolgen foar de noardlike ekonomy te beheinen. Der binne ûnder oare saneamde TedTalks: ynternasjonale eksperts út ferskillende regio's fertelle oer har ûnderfiningen oangande in ekonomyske transysje.
De konferinsje wurdt organisearre troch in tal grutte stêden yn it noarden yn gearwurking mei de Europeeske Kommisje.
De konferinsje is tiisdei en woansdei yn De Harmonie yn Ljouwert.