Dykgraaf Van Erkelens ferwachtet net dat boereprotest út de hân rinne sil

Dykgraaf Paul van Erkelens fan it Wetterskip ferwachtet net dat it boereprotest tsjin in taryfsferheging moandeitejûn út de hân rinne sil.
Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Lilke boeren hawwe oankundige dat se aksje fieren sille by in kommisjefergadering fan it Wetterskip yn Ljouwert. Se fine de taryfsferheging fan sa'n 800 euro yn it jier dy't it Wetterskip de boeren oplizze wol fiersten te heech.

Ien hege hobbel

Van Erkelens snapt de argewaasje fan de boeren: "Het is een tariefsverhoging die in de afgelopen jaren nooit is voorgekomen." It deistich bestjoer hat der neffens Van Erkelens foar keazen om yn 2020 yn ien kear in finansjele hobbel te nimmen. Wylst oare wetterskippen dat yn stapkes dogge. "Vanaf 2021 zijn de verhogingen in Fryslân dan ook minder groot dan in andere provincies."
It taryf moat neffens it Wetterskip omheech om't it wetterbehear djoerder wurdt, en om't it Wetterskip net tefolle kosten nei de takomst skowe wol. De gearkomste fan moandei is bedoeld om dy plannen te bepraten. "Men kan toehoren wat er gezegd wordt, en men kan inspreken", fertelt Van Erkelens. "Er zijn ook mensen die zich daarvoor gemeld hebben. Dus ik denk dat het een ordentelijke vergadering gaat worden."
Van Erkelens hat gjin idee hoefolle boeren oan it protest meidwaan sille.
Harkje nei in petear mei Paul van Erkelens