Suzanne Schulting nominearre foar sportfrou fan it jier

Shorttrackster Suzanne Schulting is nominearre foar de titel Sportfrou fan it Jier. Sherida Spitse en Loes Geurts binne mei de fuotbalfroulju fan Oranje nominearre foar de titel bêste sportploech.
Suzanne Schulting wint op it WK Allround © Orange Pictures
Suzanne Schulting nimt it yn har kategory op tsjin atlete Sifan Hassan en hurdfytster Annemiek van Vleuten. Schulting krijt de nominaasje foar har wrâldtitels allround en 1000 meter, en har trije Europeeske titels. Ferline jier wûn Schulting de titel Sportfrou fan it Jier al, nei har suksesfolle Olympyske Spelen yn Pyeongchang.
By de manlju binne der gjin Fryske nominaasjes. Dêr stride Virgil van Dijk, Mathieu van der Poel en Max Verstappen om de eare.

Oranjefroulju

Sherida Spitse en Loes Geurts krije mei harren Oranjefroulju yn de kategory Bêste Sportploech fan it Jier konkurrinsje fan noch in oar fuotbalteam: Ajax, de roeiers fan de dûbelfjouwer en de baanhurdfytsers fan de teamsprint.

Longlist

Njonken de trije Fryske nominearre froulju stiene der noch mear Fryske sporters op de longlist om nominearre te wurden. Under oare swimster Liesette Bruinsma, hurdfytser Tristan Bangma, de reedrydploech mei Sven Kramer en Douwe de Vries, en de kuorbalploech mei Erwin Zwart koene in nominaasje pakke. De sjuery hat yn harren kategoryen lykwols foar oare nammen keazen.