Iepen Mienskipsfûns stekt 1,4 miljoen euro yn leefberens Noardeast-Fryslân
It Iepen Mienskipsfûns stekt 1,4 miljoen euro oan subsydzje yn 29 inistativen yn Noardeast-Fryslân. De projekten moatte helpe om de leefberens yn de regio foarút te helpen.

Ien fan de projekten is bygelyks Stichting Kleding- en Speelgoedbank, dy't oprjochte is foar ynwenners fan Tytsjerksteradiel mei in leech ynkommen. Dêr giet fan it Iepen Mienskipsfûns sa'n 8.000 euro hinne.