'PFAS-noarm wurdt soepeler, protte bouprojekten kinne trochgean'

De noarm foar skealike gemyske stoffen yn de grûn, ek wol PFAS, wurdt soepeler: acht kear safolle mikrogram. Dêrtroch kin in grut diel fan de bouprojekten wer trochgean. Dat wurdt befêstige nei berjochtjouwing troch RTL Nieuws.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De noarm giet fan 0,1 mikrogram PFAS de kilo grûn nei 0,8 mikrogram. It ministearje fan Ynfrastruktuer hie tasein foar 1 desimber mei in nije noarm te kommen, op basis fan ûndersyk troch it RIVM. Troch de ferromming soe trijekwart fan alle projekten dy't no stillizze wer trochgean kinne. Minister Van Veldhoven komt freed mei in taljochting.

Projekten leine stil

In protte bouprojekten en baggerwurksumheden waarden útsteld of leine stil omdat der te folle PFAS yn de grûn sit. Dat soe op termyn ek banen kostje, neffens de sektoaren. Twa wiken lyn stiene bouwers op it Malieveld yn Den Haag om foar in rappe oplossing te pleitsjen.
Ek yn Fryslân koene ferskate projekten net trochgean. Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma pleite al foar in tydlike hegere noarm, omdat fan alles op slot kaam te stean. Túnmanlju koene grûn net kwyt. En Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan Hearrenfean en lid fan de kommisje Milieu fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten, rôp om stipe fan it Ryk.