Marcel Smit: “Ik bin in echte Wâldpyk: grutte bek, lyts hertsje”
Hy is in echte Wâldpyk: sjonger en trûbadoer Marcel Smit. Hikke en tein yn De Westereen waard er grutbrocht mei 'aap, noot, mes'. "En krekt as alle Wâldpiken haw ik in grutte bek en in lyts hertsje", laket er.
Marcel Smit: “Ik bin in echte Wâldpyk: grutte bek, lyts hertsje”
The Cliffs of Moher fan Gurbe, Piter Wilkens syn Knoopkes of it Bûthûsbankje fan De Wiko's: do kinst wer stimme op de Fryske Top 100! Njonken de bekende nûmers sitte der faaks ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. De kommende wiken stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Dizze kear: 'De Wâlden' fan Marcel Smit.
Grutte bek, lyts hertsje: is dat echt sa?
"Ja, wier. Ik bin wat dat oangiet in echte Wâldpyk. Ik bin in iepen boek, witst by my krekt watst oan my hast. Ik sis dy fuort oft ik dy mei of net. En ik bin frij emosjoneel, ik kin bygelyks net goed tsjin ûnrjocht. In Wâldman pur sang dus!"
In oade oan de Fryske Wâlden, hoe dat sa?
"Ik hie al folle langer it plan yn 'e holle om in nûmer oer de Wâlden te skriuwen, mar it kaam der mar net fan. Oant ik it nûmer 'South of Atlanta' fan de Amerikaanske countrysjonger Brent Cobb hearde. Dat fyn ik wol sa'n prachtich nûmer, wêryn't hy sjongt oer syn berteplak en dat paste ek tige goed yn it teäterprogramma 'Frisicana II'. Dit haw ik ôfrûne jier spile yn alle teäters yn ús provinsje mei myn freonen Gurbe Douwstra en Piter Wilkens. It is dus in oersetting yn myn taal en giet oer de omjouwing dêr't ik wei kom."
It moaie is dat ik no al mailtsjes krij fan minsken dy't dizze tekst graach brûke wolle.
En dyn tekst giet oer..?
"De Fryske Wâlden fansels. Oer de it fjild, de bosk, it wetter en de greide. Fynst hjir alles dêr't Fryslân bekend om stiet. En oer de minsken, dy't it leafst eigen baas binne, sizze wêr't it op stiet en harren eigen paad folgje. It moaie is dat ik no al mailtsjes krij fan minsken dy't dizze tekst graach brûke wolle. It lêste refrein sprekt minsken oan. 'As ik sels net mear kin, bring my werom en lis my dêr yn de grûn.' As dan letter docht bliken dat dit it stikje tekst de magy hat dat minsken har dêryn fine kinne, dan is dat te gek."
Wat ferwachtest fan dit nûmer yn de Fryske Top 100?
"Ik hâld my dêr eins net mei dwaande. Al is it fansels moai om te sjen dat myn nûmers it goed dogge. Lykas it nûmer In part fan dy, it duet mei Gerbrich van Dekken. Dat nûmer giet ek krekt efkes wat djipper kwa gefoel as De Wâlden en dat stiet dan ek elts jier heech yn de list."
Noch goeie foarnimmens foar it nije jier?
"Ik bin net sa fan de goeie foarnimmens. Myn fokus leit hielendal op myn nije album, dat yn 2020 útkomt. Myn earste album krige de titel 'Muzyk', de twadde 'Mear muzyk' en riedst it al: it tredde album dat aanst útkomt, hjit 'Noch mear muzyk'. Der stean eigen nûmers op en in pear oersettingen út it Frisicana-programma. Foar dit album wurkje ik wer mei myn fertroude team, mar haw ik ek oare minsken frege om mei te wurkjen. Ik besykje fansels wer in stap te meitsjen, yn teksten mar ek muzikaal."
En wa tutest om tolve oere op âldjiersnacht?
"Myn frou en de bern. Ferline jier stiene wy mei ús allen op in hiel grut gebou yn New York. Dit jier bliuwe we gewoan yn Burgum. Ek moai!"
Marcel Smit