Oanlis úteinset fan 31 kilometer heechspanningskabel by A7 del

De oanlis fan de 31 kilometer lange kabel by de A7 del tusken Boalsert en it heechspanningsstasjon by Aldehaske is tongersdei úteinset. TenneT is dêrmei dwaande om it heechspanningsnetwurk yn westlik Fryslân te fersterkjen. By de sneldyk del lizze katrollen en steane bouketen, der wurdt hurd wurke.
Oanlis fan 31 kilometer heechspanningskabel by A7
De kabel is in saneamde ûndergrûnske 110 kV (kilovolt) heechspanningsferbining, dy't oanlein wurdt troch oannimmer Visser & Smit Hanab. It grutste part komt yn in slûf te lizzen fan sa'n 16 kilometer. De kabel is nedich, ûnder oare fanwege de oanlis fan Wynpark Fryslân. Troch alle oanbod fan duorsume enerzjy fan sinne en wyn is der mear kapasiteit nedich foar stroom.
Projektmanager Tim Christiaans fan TenneT: "Vanochtend zijn we begonnen met het intrekken van de kabels. Eerder hebben we al boringen gedaan. De route begint bij Windpark Fryslân, bij de Afsluitdijk, langs Bolsward, Sneek, Joure en Oudehaske langs. Daar wordt het aangesloten op het station."

Utdaging

"Wij proberen in goed overleg met omgeving ervoor te zorgen dat de overlast en verkeershinder zo min mogelijk is. Het diepste punt zal 20-25 meter zijn, maar dat is eigenlijk is niet zo spannend. Wel bijzonder is dat het zo'n lang traject langs de A7 is, dat is echt uitdagend," seit Christiaans.

Wynpark Fryslân

Joris Hol fan Windpark Fryslân leit út wêrom't de kabels wichtich binne foar it wynpark: "De stroom die wij opwekken willen wij kwijt, we willen het 't net op krijgen van TenneT. Daarom is de kabel cruciaal, het is echt de levensader van het project. Dat kan niet op het huidige netwerk, om aan te sluiten moeten we echt naar Oudehaske toe."
Neffens Hol moat de kabel uterlik 1 septimber 2020 klear wêze.
Projektmanager Tim Christiaans fan TenneT en Joris Hol fan Windpark Fryslân
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar