Oar behear fan boulân moat patrizen werom nei Súdeast-Fryslân helje

De omkriten fan Easterwâlde moatte wer oantreklik wurde foar de patriis. De fûgel is op dit stuit noch wol yn Drinte te finen, mar net mear yn Fryslân. Sûnt de jierren 70 is de populaasje yn Nederlân mei mar leafst 95 perint weromrûn. Troch de rânen fan boulân mei in krûderyk mingsel yn te siedzjen, soene de fûgels de grins oer lokke wurde moatte, werom nei Súdeast-Fryslân.
Patriis © Wikimedia Commons
It inisjatyf foar it oars ynsiedzjen fan it lân komt fan ELAN, in kollektyf fan agraryske natuerferieningen yn it súdeasten fan Fryslân. Dat kollektyf beheart no al greiden, houtwâlen en -singels, puollen en wetterstreamen yn it gebiet, mar hâldt him fan takom jier ôf ek dwaande mei it boulân.
Kees van de Lageweg fan ELAN
Der wurdt net allinne ynset op it weromheljen fan de patriis, it gebiet moat ek oantrekliker wurde foar oare fûgels, as de gielfink en it giel boumantsje. Boppedat kinne de rânen as skûlplak tsjinje foar amfibyen en sûchdieren.
Boerinne Grytsje van der Sluis