Syktocht nei jonkje fan foto dy't yn 1945 yn Sint-Anne by de befrijing wie

Doe't Sint-Anne op 17 april 1945 befrijd is fan de Dútske oerhearsking, is tusken de grutte minsken in lyts jonkje op de foto set yn it doarp. Omrop Fryslân is op syk nei wa't it mantsje fan de foto is. Hy liket net yn de gaten te hawwen wat allegearre om him hinne bart, mar syn útdrukking seit gâns wat.
Wa stiet der op dizze foto, makke op 17 april 1945 yn Sint-Anne? © Omrop Fryslân
De foto makket diel út fan it lanlike projekt 'WOII in 100 foto's' om in byld fan de Twadde Wrâldoarloch yn 100 foto's te toanen.
Neffens Jelle Hoekstra fan it HCL soe it moai wêze as it jonkje op de foto noch libje soe. Der wurdt nammentlik besocht minsken te finen dy't by de presintaasje fan de foto's noch wat sizze kin oer it momint dat de foto makke is.

Stimme

It projekt is fan it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) en Herinneringsplatform WOII, mar ek Fryske ynstellingen lykas Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en it Fries Verzetsmuseum dogge mei om materiaal te leverjen. De foto fan it jonkje yn Sint-Anne is ien fan de foto's dêr't op stimd wurde kin.
Yn fiif kategoryen wurde de tsien argyffoto's socht dy't it meast sizze. De tema's binne militêre striid en befrijing, it ferfolgjen fan Joadske minsken, Roma, Sinti en oarstinkende minsken, de Dútske bywêzigens, ferset en represje en it deistich libben. Eltse moandei komt in nij tema oan bar.
Op 15 jannewaris wurde de 25 foto's mei de measte stimmen yn it provinsjehûs tentoansteld en op 31 maart 2020 wurde de lanlik útkeazen 100 foto's bekend makke.
Jelle Hoekstra fan Historisch Centrum Leeuwarden oer de foto
Witte jo wa't it jonkje is dy't op de foto stiet, dan kinne jo dat trochjaan oan Omrop Fryslân it e-mailadres: Arjanne.Nijp@omropfryslan.nl