Wurkgroep wol takom jier úteinsette mei bou MFA Seisbierrum-Pitersbierrum
Seisbierrum-Pitersbierrum is drok dwaande mei in nij multyfunksjoneel sintrum. De eardere gemeente Frjentsjerteradiel hat ien miljoen euro tasein en de nije gemeente Waadhoeke docht dêr nochris 500.000 euro boppe-op.
Nij multifuksjoneel sintrum Seisbierrum-Pitersbierrum
Mei dat jild is de wurkgroep foar it nije sintrum der noch net. Der is noch in gat fan 700.000 euro.
Fertutearze
It âlde doarpshûs fan Seisbierrum-Pitersbierrum is swier fertutearze. Sawol oan de bûten- as de binnenkant fan it gebou binne der in soad gebrekken. "It ûnderhâld is gebrekkich", fertelt Ab Brouwer fan de wurkgroep.
"Wy hawwe rotte kezinen. It gebou rekket op en it is âld. Wy hawwe minsken dy't hjir in part fan it kompleks hiere, dan kin der fansels bygelyks ek gjin lekkaazje wêze."
Takom jier earste peal
Yn Seisbierrum hoopje se yn 2020 de earste peal fan it nije doarpshûs slaan te kinnen.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn Seisbierrum (1)
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn Seisbierrum (2)
