UPDATE: Stroomsteuring yn Ljouwert foar grutste part oplost
Tûzenen húshâldens yn Ljouwert ha woansdeitejûn sûnt healwei njoggenen sûnder stroom sitten. Liander hat monteurs op 'en paad stjoerd om de steuring te ferhelpen.

Om kertier oer njoggenen hiene de earste húshâldens wer stroom, mar de problemen binne noch net hielendal oplost. De ferwachting is dat de stroomsteuring om twa oere tongersdeitemoarn foarby is. Om kertier foar alven hinne sieten noch 367 klanten fan Liander sûnder stroom, as needstroom is in aggregaat ûnderweis.
De troffen strjitten binne: de Bildtsestraat, Brederostraat, Cronjestraat, Harlingerstraat, Landbuurt, Marssumerstraat, Noordersingel, Paul Krugerstraat en Transvaalstraat.