Asbest dumpt by Droegeham

Yn it bûtengebiet by Droegeham is asbest dumpt. It weismiten guod leit yn in berm fan de Boskwei oan de súdkant fan Droegeham op de grins mei de gemeente Tytsjerksteradiel.
© eigen foto
Hast twa moanne lyn waard ek al asbest yn it bûtengebiet oantroffen. Doe gie it om in oanhingkarre mei asbest dy't achterlitten wie yn it Miedengebiet by Surhuzum. De gemeente Achtkarspelen freget om tips sadat se de eigener fan it asbest achterhelje kinne.