Fiif Fryske kafees yn top 100; Ljouwerter bedriuwslieder wint 'De Parel'

Bedriuwslieder Jaap Touwen fan kafee De Dikke van Dale yn Ljouwert is útroppen ta 'De Parel' fan 2019. Dat is in lanlike priis fan it blêd Misset Horeca, dy't giet nei in opfallende meiwurker fan in kafee. Mei op inisjatyf fan Touwen krige it kafee in bierboek en dat soarge foar in hegere omset.
Bier © Shutterstock.com
Ferslachjouwer Wilem de Vries is yn de Dikke Van Dale
'De Parel' waard moandeitejûn útrikt, tagelyk mei it bekend meitsjen fan de kafee top 100. Dêr stean fiif Fryske kafees yn. De Markies yn Ljouwert kriget mei it tolfde plak de heechste beoardieling. Nobel yn Ballum op It Amelân einiget as 21e, De Dikke van Dale yn Ljouwert as 38e, 't Gerecht op It Hearrenfean as 71e en as lêste Fryske kafee stiet Nes Café yn Nes op It Amelân op it 86e plak.

Easken

By it opstellen fan de top 100 wurdt ûnder oare sjoen oft in kafee fan binnen en bûten wol skjin is, nei de freonlikheid fan it personiel en oft it drinken en iten wol goed is. Kafees dy't yn de top 100 komme wolle, moatte har dêr sels foar ynskriuwe.
Ferslachjouwer Wilem de Vries is yn de Markies