HEA! In libben lang yn it âld papier
As jonkje helle hy mei de hânkarre it âld papier al op, en no docht hy dat noch altyd. Thijs Jonker (68) fan Aldhoarne is al mei pensjoen, mar giet der alle dagen mei syn trekkerke op út foar it papier. Jonker hellet it op fan bedriuwen, partikulieren en ferieningen en slacht it by him thús efter hûs op.