Ireen Wüst wint 1500 meter yn Minsk, Bergsma sterkste op massastart

Ireen Wüst hat by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn it Wyt-Russyske Minsk de gouden medalje pakt op de 1500 meter. Yn in direkte striid mei de Russyske Yekaterina Shikhova wûn Wüst yn in tiid fan 1.56.46.
Ireen Wüst © Orange Pictures
Dêrmei wie Wüst fjouwertsiende rapper as Shikhova. De Amerikaanske Brittany Bowe waard tredde.
Antoinette de Jong koe net meidwaan om de prizen en waard tsiende yn 1.58.48, Reina Anema fan De Gordyk einige op in 16e plak mei 2.00.59.

Bergsma wint massastart

By de massastart foar manlju wie Jorrit Bergsma de sterkste. De reedrider wûn, holpen troch ploechmaat Arjan Stroetinga, nei sechtjin rûntsjes de sprint fan de Súd-Koreanen Cheonho Um en Jaewon Chung. Freed pakte Bergsma al sulver op de 5000 meter.

500 meter froulju

Michelle de Jong koe op de 500 meter gjin medalje pakke. Yn it Wyt-Russyske Minsk waard De Jong njoggende mei in tiid fan 38.67. De Russyske froulju wiene it sterkst op de koartste sprintôfstân. Olga Fatkulina waard earste yn in baanrekôr fan 37.92, Daria Kachanova (37.94) waard twadde en Nao Koadaira (38.17) tredde. Sanneke de Neeling, rydster fan it Gewest Fryslân, waard tsiende. Yn de B-groep ried Letitia de Jong earder op de dei nei in twadde plak yn in tiid fan 38.47.
Freed pakte Michelle de Jong tegearre mei Letitia de Jong en Jutta Leerdam noch goud foar Nederlân op de teamsprint.