Seis A7-blokkearders, ûnder wa Jenny Douwes, yn kassaasje tsjin straf

Seis fan de A7-blokkearders, dy't yn heger berop feroardiele binne ta wurkstraffen fan 90 oeren, tekenje kassaasje oan tsjin dy straf. Dat hat har advokatekantoar Anker en Anker bekend makke. Under de seis is ek Jenny Douwes, dy't feroardiele waard foar opruiing en it útlokken fan strafbere feiten op de A7.
Jenny Douwes © Omrop Fryslân
De seis fine it ûnder oare net terjochte dat se allegearre foar deselde fergripen feroardiele binne. Acht oare kliïnten lizze har del by de útspraak fan it gerjochtshôf. Sy wolle in streep sette ûnder de saak.
De aksjefierders blokkearren op 18 novimber 2017 de A7, sadat bussen mei demonstranten tsjin Swarte Pyt net nei Dokkum koene foar de nasjonale sinteklaasyntocht dêr. It hôf stelde dat alle fertochten harren skuldich makke ha oan it blokkearjen fan de sneldyk, it behinderjen fan in tastiene demonstraasje en it útoefenjen fan twang.

Hege Ried

Yn kassaasje by de Hege Rie kin allinnich klage wurde oer it gebrek fan motivaasje en in net juste tapassing fan it rjocht. Dêrnjonken kin de Hege Rie toetse oft alle fertochten opset hiene by it blokkearjen fan de A7.
Yn de saak-Douwes sil de Hege Ried ûnder oare frege wurde oft it hôf net fêststelle moatten hie dat it Iepenbier Ministearje mei twa maten metten hat. Douwes is wol ferfolge foar in oprop ta aksje op Facebook, dejinge mei wa't se dat tegearre die net.

Utspraak duorret noch even

Nei alle gedachten sil de Hege Rie, dy't de kassaasje behannelet, pas oer in jier útspraak dwaan.