Trije No Surrender-leden oanholden foar kriminele aktiviteiten by Noardwâlde
De plysje hat tiisdei trije manlju fan Noardwâlde en it Drintske Vledder oanholden dy't fertocht wurde fan helen, wytwaskjen en dielname oan in kriminele organisaasje. It giet benammen oer it stellen, strippen en trochferkeapjen fan bedriuwsbuskes, mar ek om yntimidaasje. De fertochten fan 63, 39 en 26 jier âld binne leden fan de motorklup No Surrender.
Trije No Surrender-leden oanholden
De plysje siket tiisdei fiif lokaasjes troch, yn Vledder, Steenwijk en yn Noardwâlde oan de Industriestraat.
De saak is oan it ljocht kommen troch in melding by Meld Misdaad Anoniem dat yn in loads yn Wynjewâld en Noardwâlde ûnderdielen lizze soene fan stellen auto's. Yn oktober 2018 hat de plysje de loadsen leech helle. It die bliken dat it yndie stellen guod wie út de omjouwing fan Amsterdam en Arnhem. Dêrnei is in resjerzje-ûndersyk opset.
Buskes stelle, strippe en ferkeapje
De trije manlju wurde derfan fertocht yn organisearre ferbân de bussen te helen. Sy lieten nei alle gedachten de bedriuwsbuskes stelle op bestelling om se dêrnei útinoar te heljen en wer te ferhanneljen. It giet yntusken grif om 50 buskes.

No Surrender
De plysje jout oan dat de manlju lid binne fan de ferbeane motorklup No Surrender. Sy soene ek posysjes binnen de organisaasje besette en dielnimme oan gearkomsten fan de klup.
Fan de oanjeften dy't bekend binne oant begjin 2018, is der goed 430.000 euro skea. Dat bedrach wurdt op de fertochten ferhelle. Op 15 novimber wurde de trije manlju foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
'Grote impact'
Marjolein Wildeman, teamsjef plysje Súdeast-Fryslân: "Vooral in een kleine gemeenschap als in Noordwolde heeft dit grote impact. Vanuit het dorp kregen we signalen dat de drie verdachten zich gedragen alsof niemand ze iets kan maken. Dat kan natuurlijk niet."
Wildeman jout ek oan dat de plysje tinkt dat de fertochten ek noch oare strafbere feiten begien hawwe, dêr't minsken noch gjin oanjefte foar dien hawwe. It soe te krijen hawwe mei yntimidearjende gedrach. De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't noch in ferklearrling ôflizze wolle.
Boargemaster: 'angstcultuur'
Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf seit: "Het is onaanvaardbaar dat lokaal een angstcultuur ontstaat omdat inwoners, ondernemers en ook medewerkers van de gemeente geïntimideerd en bedreigd worden. En ondernemers worden zo gedupeerd door oneerlijke concurrentie. Daarom gaat de gemeente met de politie bekijken welke bestuurlijke maatregelen we in deze zaak kunnen nemen."