Earste eksimplaar Grutte Foarlêsboek útrikt oan Aart Staartjes

It twadde diel fan It Grutte Foarlêsboek is útrikt oan Sesamstraat-akteur Aart Staartjes. Yn it boek stean mear as sechtich ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.
© Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke
Ta eare fan it 10-jierrige jubileum fan it tydskrift en online platfoarm Hei&Mem wie sneon in feestje foar âlden yn Fryslân.
Meneer Aart fan Sesamstraat krige dêr it earste eksimplaar fan it foarlêsboek. Staartjes hie ek noch wat tips foar de foarlêzende âlders: "Je moet je niet aanstellen en geen rare dingen doen, dat vinden kinderen niet leuk. Ouders die andere stemmetjes opzetten vinden ze ook niet leuk. Ja, je moet heel gewoon doen."

Nije edysje

Oan skriuwers en yllustratoaren fan Fryslân is ein 2018 in oprop dien om in bydrage yn te stjoeren foar de nije edysje fan it foarlêsboek. Sa'n 166 minsken hawwe harren wurk ynstjoerd. De tekstredaksje besteande út Tjitske van Dijk, Hermien van der Meer en Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra ha de teksten beoardiele en holpen by ferbetteringen. Yllustrator Marijke Buurlage hat de byldredaksje fersoarge.