Previntyf wurkje oan de eigen sûnens op de wurkflier

Wa't by bygelyks it wurk in kollektive soarchfersekering hat, krijt takom jier mear as no de mooglikheid om previntyf oan de eigen sûnens te wurkjen. En dat komt troch in wetswiziging.
Soarchfersekerder De Friesland © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dy wiziging regelet dat je mei sa'n kollektive fersekering net maksimaal 10, mar 5 persint koarting krije kinne. Yn stee dêrfan wurdt besocht om de stiging fan de preemje te beheinen troch minsken sûner te meitsjen. Dan kostje sy minder, wêrtroch't de preemje foar elkenien minder omheech moat. Dêr moatte de soarchfersekerders dan wol wurk fan meitsje. En sa wurde der ek yn Fryslân oeral ôfspraken makke oer mear previnsje, sizze se by soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert.

Oanbod útwreide

Sy hawwe harren oanbod ek útwreide. Je kinne dan bygelyks tinke oan kursussen om minsken fan it smoken ôf te krijen of help foar minsken mei burn-out-ferskynsels. By De Friesland sels wurde ek maatregels nommen: sa meie smokers aanst net mear bûten op it eigen terrein smoke, mar moatte sy dat fierder fan it gebou ôf dwaan.
Cid Berger, direkteur marketing en ynnovaasje fan soarchfersekerder De Friesland