Wetterskip set fleantúch yn om CO2 út fean te mjitten

Wetterskip Fryslân set freed in fleantúch yn om it de útstjit fan koaldiokside út it feangreidegebiet tusken Snits, Wolvegea en Drachten te mjitten. Om dy mjittings te dwaan fljocht it fleantúch op in hichte fan 60 meter oer it gebiet hinne.
Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De mjitgegevens moatte sjen litte hoe't de útstjit fan CO2 út it feangreidegebiet it bêste fermindere wurde kin. It giet om in nije mjitmetoade. It plan is om takom jier alle twa moannen ûndersyk te dwaan. Sa moat ûnderoaren dúdlik wurde hoefolle ferskil der sit yn CO2 konsintraasje, yn fergelyk mei de klaai en it sân. Ek oare provinsjes kinne dan fergelike wurde.
By it ferminderjen fan de CO2 útstjit wurdt ûnferoare sjoen nei hegere wetterstannen. Yn it Nationale Klimaatakkoord is fêstlein dat der oer tsien jier 49 persint minder CO2 frijkomme mei. Maatregels yn it feangreidegebiet moatte dêrby helpe. It leechfleanende mjitfleantúch kin foar lûdsoerlêst soargje, sa warskôget it wetterskip.
Niek Bosma fan Wetterskip Fryslân