Nije ploech foar Marten Kooistra: hy wurdt kopman by BEAT

Marten Kooistra fan Jonkerslân rydt it nije seizoen by BEAT Cycling Club. De 22-jierrige hurdfytser rûn staazje by Team Sunweb, mar in kontrakt siet der net yn. Dêrom makket hy no de stap nei BEAT, dêr't hy kopman wurdt.
Marten Kooistra © Orange Pictures
Kooistra ried de lêste jierren foar SEG Racing Academy, mar om't hy kommend seizoen gjin belofte mear is, moast hy dêr wei. By BEAT kin hy him konsintrearje op de flakke klassikers. Kooistra moat it hawwe fan in goeie sprint en de flakke klassikers. By BEAT wurdt Kooistra ûnder oare ploechgenoat fan Jan Willem van Schip.

It oare Fryske hurdfyts-talint Hartthijs de Vries fan Kollum rydt takom seizoen wer foar Vlasman, dêr't ek Wim Stroetinga foar rydt. Pieter Weening hat noch gjin nije ploech. De no 38-jierrige hurdfytser ried foar Roompot, mar dat team bestiet net mear.