Fryske regisseur Bart Dokter: “Leeuwarden mag trots zijn op Noordelijk Film Festival”

Bart Dokter is in jonge, Fryske skriuwer en regisseur. Foar him binne it drokke dagen mei it Noordelijk Film Festival dat woansdeitejûn úteinset en it 48 Hour Film Project yn Ljouwert fan ôfrûne wykein. Yn de dagen fan it Noordelijk Film Festival sil Dokter eltse dei in filmtip jaan, mar earst mar ris yn de kunde komme mei dizze jonge regisseur.
© Bart Dokter
De filmkarriêre fan Dokter begûn yn Drachten. Hy waard dêr operateur by de bioskoop en wie dêr ferantwurdlik foar it technyske proses, bygelyks de projeksje fan de films dy't draaid waarden. "In die hoedanigheid zie je heel veel films", seit Dokter, "en op een gegeven moment dacht ik 'dit wil ik ook'."
Sa rûgele Dokter yn it fak. It regissearjen fan films is foar him in passy wurden. "Film is het enige medium dat nog écht binnenkomt. Niemand neemt nog de tijd om echt te luisteren, men luistert alleen nog maar om daarop te kunnen reageren. Film is wat dat betreft de uitzondering die de regel bevestigt."
Dokter syn lêste film is Aurora, in koarte film fan goed fiif minuten. Om net daalks it hiele ferhaal te ferklappen wol hy net al te folle oer dy film kwyt, mar: "Het is geschreven vanuit een boodschap. Voor mij begint een film altijd vanuit de vraag 'wat wil je vertellen?' Dick Maas zei altijd 'voor een boodschap ga je maar naar de Albert Heijn', maar dat is duidelijk een ander vertrekpunt dan ik heb", fertelt Dokter.

Fryske filmyndustry

Dokter wennet no yn de Rânestêd om't dat de iennige regio fan Nederlân is, dêr't er fan de films libje kin. Dat fynt er spitich. "In Fryslân heb ik het idee dat er meer over films gepraat werd dan dat er geproduceerd werd. Mede daarom heb ik in Leeuwarden het 48 Hour Film Project opgezet. Zo faciliteer ik een kweekvijver voor filmmakers, want het maken van een film leer je alleen maar door het te doen."
By it 48 Hour Film Project krije de dielnimmende teams 48 oeren om in koarte film te meitsjen. Om der wis fan te wêzen dat de teams allinnich yn dy 48 oeren dwaande binne mei de films, krije se by de start in sjenre, attribút, personaazje en dialoochsin oanwiisd dy't yn de film sitte moatte. Ofrûne wykein wie de edysje fan dit jier. De premjêres binne dit wykein by it Noordelijk Film Festival.
Woansdei set yn Ljouwert it Noordelijk Film Festival útein. Dokter is bot te sprekken oer dit festival: "Het Noordelijk Film Festival is echt een goed festival, de organisatie is supergoed en er is een duidelijke handtekening zichtbaar met de focus op het noorden. Leeuwarden mag daar echt trots op zijn."