Aris Ljouwert ûnderút by konkurrint Den Helder Suns

Aris Ljouwert hat de útwedstriid tsjin Den Helder Suns ferlern. Yn de Sporthal Sportlaan wie de nûmer sân fan de Dutch Basketball League, en dus konkurrint foar de play-offs, mei 74-63 te sterk. De Amerikaan Samuel Idowu wie mei mar leafst 30 punten foar de sânde kear dit seizoen de topskoarer by Aris.
© Orange Pictures
De Ljouwerters kamen yn Noard-Hollân goed út de startblokken. Nei it earste kwart stie in 20-15 foarsprong op it boerd. Dat goede spul koe Aris lykwols net fêsthâlde yn it twadde kwart en dus seagen de Fryske basketballers by it skoft tsjin in 39-30 efterstân oan.

Nei it skoft

De Belgyske coach fan Aris, Ferried Naciri, koe it spul fan syn ploech yn it skoft mei taktyske oanwizings skynber net nei in heger nivo tille. It tredde kwart gie nammentlik ek ferlern. Mei noch ien kwart te gean seach Aris tsjin in hast net te oerbrêgjen 66-50 efterstân oan.
It lêste kwart gie noch mei 13-8 nei de Friezen, mar dat wie net geôoch foar in oerwinning. Den Helder wûn dus úteinlik mei 74-63.

Lêste plak

Troch de nederlaach steane de Ljouwerters mei twa punten út acht wedstriden op it lêste plak. De iennige oerwinning dy't Aris oant no ta pakte, wie in reglemintêre 20-0 oerwinning tsjin ZZ Leiden. Apollo Amsterdam hat likefolle punten as Aris, mar wol in better ûnderling resultaat en stiet dus op it achtste plak.