Noed oer gaswinning yn regio Garyp

Wat betsjut gaswinning by jo yn de buert? Dêr koene bewenners yn de regio Garyp, De Pein en Grou woansdeitejûn fragen oer stelle op de ynfomerk. Dy wie organisearre troch it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn Hotel Princenhof yn Earnewâld kamen belangstellenden út de omjouwing om mear te witten te kommen oer de gasfjilden yn de buert. It giet dan om de fjilden Ljouwert, Ljouwert 101, Earnewâld en Nyegea.
De minsken koene bygelyks fragen stelle oer it nut fan gaswinning, hoe't gaswinning wurket, oer mooglike skea en ôfhanneling dêrfan.
Guon bewenners út de buert meitsje har soargen oer de gasfjilden. Paul Meulman wol witte wat it ferskil mei de gaswinning yn Grinslân is. "Ik maak me grote zorgen. De angst wordt niet weggenomen door het verhaal wat ik hier hoor."
Wytse Welling út Aldegea wie der ek by. Hy makket him gjin soargen. "Wy ha tweintich boarringen om ús hinne hân. En dy mannen seinen tsjin my: jim krije yn Fryslân gjin probleem. We ha in oare gearstalling fan de ûndergrûn yn ferliking mei Grinslân. Mar ik hoech my ek net drok te meitsjen want ik bin al 80 jier."
Besikers Wytse Welling en Paul Meulman
Noch in besiker