Foarsichtichheid, rjochtfeardigens en krêft werom yn Provinsjehûs

De Steateleden moasten woansdeitemoarn krekt wat earder nei it wurk ta foar in bysûndere presintaasje. De trije miste 'deugden' binne nammentlik werom yn it Provinsjehûs. Net de echte bylden, mar replika's, makke troch keunstner Jan van Harskamp.
Jan van Harskamp (l.), makker fan de replika’s Trije Deugden yn it Provinsjehûs © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De deugden binne trije lytse bylden, dy't boppe de stoel fan de kommissaris fan de Kening yn de wand stean. Yn 2018 is der aksje ûndernommen om de bylden werom te krijen. De orizjinele bylden fan de deugden foarsichtichheid, rjochtfeardigens en krêft binne kwyt, sadwaande dat der no replika's yn de nissen delset binne.