UPDATE: Treinen ride wer tusken Snits en Starum

Troch in seinsteuring ha de treinen tiisdei hast fjouwer oeren net ride kinnen tusken Snits en Starum. Dat duorre fan 11.30 oant 15.15 oere. Ferfierder Arriva hat bussen ynset as ferfangend ferfier.
It stasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertraging foar reizgers rûn op oant mear as in oere, sei spoarbehearder ProRail. Earst wie de ferwachting dat de steuring oant 13.45 oere duorje soe, mar dat waard letter bysteld oant 16.00 oere. Uteinlik wie it maleur krekt nei trijen ferholpen.